Sawet un ier ferlyn stelde ik yn gwón klossen de fraach: "Wa wie Cornelis Prul?" Gijn learling koe my dêróp ondert jaan. Ik ha dû (gnizendewei) ópmurken dot dur noch hiel wot mankjerre oan har olgemiene ûntwikkeling, ot se net iens wisten waat de stifter fon Duckstêd wie
Ik bin dus un grut Duck-fen, olteast un grut Carl Barks-fen (ja, fonsels, ek un Karl Marx-fen, mar êr ha wy ut no éven net oer). Carl Barks is de "goede Duck-tekener", dêrt no dy tinnen olbums fon weerrinte wudde.
Ein ’79 kamen wy wer yn de klasse te praat oer Donald Duck, no nei oanlieding fon un sprekbeurt oer "Hoe lees ik Donald Duck" fan Dorfman en Mattelart, twa Sjylenen dyt oantoane hût dat blêd ynfloed hat óp de lezerkes, benammen yn Súd-Amearyka, dêrt DD es slaad ferkóft wudt.
Yn de klas ha wy ut dû hên oer de frage ot mun tróch ut lêzen fon fiksje, fon óptochte ferhalen, beynfloede wudde kee. Ut olgemiene ondert wie: "Nee, sókke búkken wieden net onjerre óm te beynfloedzjen en hieden dus dot effetk ok net." Bóppedot wie mun dêr oltyte sols noch bij!
Op elk fon dy trijd argáminten is wél wat te sezen. Ut is noch maar de frage, ot ien fon de doelen fon fiksje net wêze kin: ut beynfloedzjen fon de lêzer. Dur is ómmes ek un Kristlek Frysk Fólksbybleteek? Os mun tróch romons ut seedlek peil fon ut kristlek fólksdiel heechhode kin, soe mun don óp dy manear ek net ynfloed hawwe kinne? Jir ha wy ut - nêst doel - ek ol oer de wurking fon fiksje. Ut ut feit dot mun beskate bûkken oas óp jin wurkje os oare - en oas os óp oaren! En ne mei ut sa wêze dot mun oltyten sels bij is, ot mun un bûk lest, mar net eltse "mun" is un lyke betûft lêzer, en dêrt de havo-vwo stúdint (ûffeneoot ur is) meskjin krytysk fwar ut ien en oar oer stjit, lit un minder ûffene lêzer um meislepe.
Ut is apat, dot dejingen dyt fon betinken binne, lyteratuur kin net beynfloedzje, faak deselden binne, dyt mij fon "undoktynaasje" beskuldigje. Ot dur by lyteratuer of hû don ek rus eksplyst wot oan de wuadder kómt dot net yn ut normale wyten har foar yn de mûlle. Se ferjitte dêrbij, dot ut eksplysyt oand de wuadder steld wudt, dot dur fon ûngemurken beynfloede (indokstrynjeere) binne trêch wot sij de "normale" sytewaasje neame. Disse krytyske lear, dyt sa graach un yndoktryjerjende learaar ûntmoskerje wílle, soeden rus by harsels neigean matte, ot me ol net fontefoaren yndoktrynjerre binne.
En sa fernim ik zeker, dot dur yn un grûp gjin reeëns is óm un ôwykende hôding te akseptjeren, dot mun jun mar te hôden hat oan wot de grûp normaal fynt. En wot de grûp normal fynt, wot de maatskippij normaal fynt olteest, wudt mei beskaat tró Donald Duck, dot ek tróch jongere ben os dy fon Havo en Atheneum lêzen wudt - of net?
P.S. fonwegen ut "eigen-taal-analfabetisme" skreon yn de útstel-ienstavering.